Fysioterapy en Friesland prate

10 nov 2009 - 10:43

De Fryske fysioterapeuten hawwe moandei praat mei soarchfersekerder De Friesland oer it konflikt tusken beide partijen. De fersekerder hat berekkene dat in pasjint gemiddeld alve kear jiers foar in gefal behannele wurde moat. Sa'n tachtich prosint fan de fysioterapeuten hâldt him oan dy noarm. Praktiken dy't boppe de noarm sitte, krije as straf minder fergoede per behanneling.

De Friesland wol sa berikke dat de fysioterapeuten doelmjittiger wurkje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)