Buske oer de kop by Grou

Bestjoerder ferwûne nei sikehûs
De bestjoerder fan in TNT-buske is tiisdeitemoarn ferwûne rekke by in ûngelok by Grou. It buske fleach op de A32 troch noch ûnbekende oarsaak in tal kearen oer de kop en bedarre dêrnei op de paralleldyk.
De bestjoerder is der troch de helptsjinsten úthelle en oerbrocht nei it sikehûs op It Hearrenfean. It buske is yntusken al fuorthelle. By it ûngelok wiene gjin oare auto's belutsen.