Brân by Maril Boats
Rap yngripen fan 'e brânwacht hat moandeitejûn in grutte brân by Maril Boats yn Koudum foarkommen. De brân wie ûntstien yn in kontener yn it bedriuw. It fjoer ûntstie om't der twa keunststoffen meimekoar fermingd wiene.
It brânmeldsysteem dat der op oanstean fan 'e brânwacht kaam wie, warskôge de helptsjinsten op 'e tiid.