Heeren bêste restaurant

De yngong fan De Heeren van Harinxma yn Beetstersweach
De Heeren van Harinxma yn Beetstersweach is wer it bêste restaurant fan Fryslân. Alteast as je it basearje op de list fan it blêd Lekker. De Heeren van Harinxma stiet op plak 52, De Gastronoom yn Harns op 57 en Frouckje State fan Ryptsjerk op plak 60.
De opmars fan De Heeren van Harinxma is opfallend. De lêste jierren buorke it restaurant hieltyd efterút. De saak is reorganisearre en it paad nei boppe ta is wer ynset.