Fjirde winst Jong Hearrenfean

Michael Dingsdag spile mei Jong Hearrenfean
Jong Hearrenfean/Emmen koe troch de 3-1 oerwinning op Jong ADO Den Haach de fjirde winst fan it seizoen byskriuwe. Op Sportpark Skoatterwâld spile de thúsklup ûnder oare mei Mika Väyrynen, Michael Dingsdag, Paulo Henrique en Igor Djuric, mar der stie net in ynspile ploech.
Igor Djuric yn de earste helte, Samir Fazli en Luciano Narsingh yn de twadde helte wiene de doelpuntmakkers foar de Feansters. De ploech stiet no mei 13 punten út 10 op it njoggende plak.