Ludike kursus Frysk

Kursisten krije dit fisum
Albert Hendriks fan it buro Friesland Holland yn Wolvegea komt mei in 'kursus Frysk foar bûtenlanners'. Hendriks ferwyt Fryske bestjoerders dat dy gjin Nederlânsk prate wolle as in minderheid dêrom freget. Mei de ludike kursus foar fakânsjegongers wol Hendriks sjen litte dat Friezen wol gastfrij binne.
De kursus bestiet út in fertaling fan de sin: 'bûter brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries'.