Nij skip JR Shipping

09 nov 2009 - 18:41

JR Shipping út Harns bringt op 11 novimber in nij skip yn de feart. De Elysee is in 'containerfeeder' en hy wurdt yn Rotterdam doopt. JR Shipping hat al in sjarteroerienkomst foar it skip sletten. Neffens it bedriuw is dat bysûnder yn dizze minne ekonomyske tiid.

De Elysee kin in soad konteners ferfiere en hat gjin grutte djipgong. It skip sil benamme ynsetten wurde op de Noard-Europeeske feartsjinsten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)