Prik tsjin Meksikaanske gryp

Moandei gie it dan echt los. Minsken koene harren ynintsje litte tsjin de Meksikaanske gryp. Ien fan de earste plakken dêr't dat koe wie de praktyk fan húsarts Douma yn Ljouwert. De measte Fryske húsdokters sette tiisdei of letter dizze wike útein.
De faksinaasjes binne yn it foarste plak bedoeld foar risikogroepen lykas 60-plussers, froulju yn ferwachting en astmapasjinten. Lytse bern fan seis moanne oant fjouwer jier wurde ek yninte op advys fan de Gezondheidsraad.