Minder frijheid bûtendyks fee

© Omrop Fryslân
Kij en hynders kinne takom jier minder frij omrinne yn it bûtendykse lân fan it Fryske Gea yn it Noarderleech. Nei in nulmjitting dit jier set in proef útein mei it weidzjen fan it fee.
Dêrfoar komme der tsien bunder grutte proefflakken dy't op ferskate wizen beweide wurde om te sjen wat de ynfloed op 'e natoer is. Sa wol it Gea it ferskil wite tusken it weidzjen fan hynders en kij op de fegetaasje, de ynsekten en de fûgels. Der wurdt ek sjoen nei in mjuks fan kij en hynders.