Presintaasje H'fean as WK-stêd

09 nov 2009 - 11:43

It Hearrenfean presintearret him moandei yn Eindhoven as ien fan 'e tolve kandidaat-stêden foar it WK fuotbal dat mooglik yn 2018 of 2022 yn Nederlân en België hâlden wurde sil. Njonken It Hearrenfean binne der noch fjouwer Nederlânske gadingmakkers. Dat binne Amsterdam, Rotterdam, Eindhoven en Enschede. Alle oare spyllokaasjes lizze yn België.

As Hearrenfean spylstêd wurdt moat de kapasiteit fan it Abe Lenstrastadion útwreide wurde oant 44.000 sitplakken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)