Frou (20) oppakt foar dieverij

De plysje hat ferline wike in frou (20) út Drachten oanhâlden foar stellerij. De frou hat yn septimber by in echtpear op jierren yn Ljouwert in mapke mei bankpaskes stellen. Se belle oan mei de fraach oft de bewenster meidwaan woe oan in feiligensûndersyk.
Doe't de fertochte mei de frou yn har wenkeamer siet, seach se kâns de paskes te stellen. In dei letter fertroude de âldere frou it net en die se oanjefte by de plysje, dy't de fertochte oanhâlde.