Ljouwerter mislediget plysje

09 nov 2009 - 10:01

De plysje hat sneintenacht in Ljouwerter (34) oanholden omdat er de plysje misledige. Plysjes seagen de man yn in portyk fan in winkel lizzen en fregen him om syn identiteitskaart. Dy hie de Ljouwerter net. Hy sei dat er ûnder ynfloed fan hasj en GHB wie. Omdat de man fûn dat de plysje te lang wurk hie, begong er de plysjes te misledigjen. Dêrop waard er oanholden en oerbrocht nei it buro.

Yn 'e rêchtas fan de man fûn de plysje ynbrekkersark.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)