MCL wol eigen laboratoarium

It MCL wol - yn gearwurking mei oaren - in eigen laboratorium
Sikehûs MCL yn Ljouwert wol mei twa oare sikehuzen yn it noarden ûndersykje oft se mei-inoar in eigen laboratoariumorganisaasje opsette kinne.
It giet om it Martinisikehûs yn Grins en de Isala Kliniken yn Swolle. It húsartselaboratoarium LabNoord wurdt ek by it plan belutsen. Ut it ûndersyk moat bliken dwaan wat de foardielen binne as de partijen mei-inoar gearwurkje op it mêd fan laboratoariumûndersyk.