Pierre Louis wol fusearje

09 nov 2009 - 09:48

Wenningstifting Pierre Louis op Skylge wol fusearje mei in oar wenningbedriuw. Bestjoer en Ried fan Kommissarissen fan Pierre Louis hawwe besletten dat Pierre Louis net selsstandich fierder wol en op syk is nei in fúzjepartner.

Om dy partner te finen hat de wenningstifting advertinsjes pleatst yn lanlike deiblêden. De wenningstifting beheart en ferhiert op Skylge goed 460 wenningen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)