Man skopt en slein De Gordyk

08 nov 2009 - 16:07

In 19-jierrige ynwenner fan Jobbegea is yn 'e nacht fan sneon op snein oanholden by in hoarekagelegenheid oan de Haadstrjitte op De Gordyk. Hy wurdt fertocht fan swiere mishanneling. In 16-jierrige frou en in 18-jierrige man, beide út Jobbegea, waarden oanholden omdat se net fuortgean woene en de plysje misledigen.

De 19-jierrige hie in oare stapper skopt en slein. Hy waard troch de plysje yn 'e boeien slein. De trije binne nei it buro brocht en ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)