Knegt 13e op 1500 meter
Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea hat him noch net pleatst foar de Olympyske Spelen yn Vancouver, kommende winter.
De 20-jierrige shorttracker moast by de earste acht ride op de 1500 meter by de wrâldbekerwedstriden snein yn Montreal. Knegt foel yn de heale finale en waard úteinlik trettjinde.