Sound=Vision op Filmfestival

It Filmfestival begjint no woansdei
It ôfslutend feest fan it Noardlik Filmfestival yn Ljouwert wurdt dit jier organisearre yn gearwurking mei it Popfabryk. Spesjaal foar it filmfestival sille byldzjend keunstners út it VJ-kollektyf Nou < Herkauw tegearre mei foarmjouwers en muzikanten fan de Akademy foar Popkultuer in performance ûntwikkelje.
Wat mei neat begjint, liedt ta in muzykstik en in byldkomposysje dy't op inoar oanslute yn Sound=Vision. Dit is sneontejûn 14 novimber yn De Harmonie.