Jan Jouke Vos wint Heiderin

08 nov 2009 - 12:19

In wike nei de winst fan de AVD Cross yn Dwingelo hat Jan Jouke Vos sneon op It Hearrenfean de Heiderin op syn namme skreaun. De Feanster wûn de acht kilometer lange rin foar plakgenoat Johnny Nagelhout dy't op 46 sekonden twadde waard.

By de froulju wûn Silvia Brouwer fan Aldskoat mei 14 sekonden foarsprong op Bea van der Mei út Sint-Jânsgea.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)