Man falt fan souder

08 nov 2009 - 11:31

In 33-jierrige man út Easterwierrum is juster fan in souder trije meter nei ûnderen fallen. De man wie op 'e souder fan in hûs oan de Swaerderwei yn Tsjummearum. Hy rekke ferwûne oan syn earm en holle.

It is net bekend hoe't er fan de souder falle koe. De man is mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)