Rjochtbank lûkt 4.000 minsken

07 nov 2009 - 16:14

Sa'n 4.000 minsken kamen sneon nei de rjochtbank en it gerjochtshôf yn Ljouwert foar de iepen dei. Besikers koene neispile sittingen bywenje en meiprate oer it oardiel fan de rjochter. Ek wie it sellekompleks iepen en bern mochten yn toga op de foto. De lanlike iepen dei wurdt ien kear yn 'e fjouwer jier hâlden.

Jolanda Lootsma fan de rjochtbank sei dat se ek graach op oare dagen mear publyk op sittings fan 'e rjochtbank begroetsje soe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)