Soad folk op Startersdei KvK

It gebou fan 'e Keamer fan Keaphannel yn Ljouwert
Der docht sneon in rekôrtal dielnimmers mei oan de Startersdei fan de Keamer fan Keaphannel yn it Noarden. Dy Startersdei is sneon yn Ljouwert, Grins en Emmen. 2500 starters hawwe har oanmelden. Dat is tritich prosint mear as ferline jier.
Op de Startersdei krije nije ûndernimmers ynformaasje oer it begjinnen fan in bedriuw. It giet dan om saken as finânsjes, fersekeringen, húsfesting en reklame. De Startersdei yn Ljouwert is yn it Friesland College.