Fjirtich banen fuort by Aegon

07 nov 2009 - 13:43

By Aegon yn Ljouwert wurde 40 banen skrast. Earder dizze wike makke de fersekerder al bekend dat der by Aegon Nederlân 170 banen ferdwine yn de ferkeaporganisaasje. De organisaasje wol mei de reorganisaasje 15 miljoen euro it jier besparje. Neffens de direksje ferrint it kontakt mei de klanten hieltiid mear on-line en mei de tillefoan. Dêrom binne minder minsken foar de ferkeap nedich.

De plannen wachtsje no noch op in advys fan de ûndernimmingsried.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)