Sleattemer mishannele

07 nov 2009 - 13:21

Op De Jouwer is freedtenacht in Sleattemer (18) swier mishannele troch in Jouster (22). De plysje krige in melding dat by in kafee oan it Douwe Egberts Plein in man fallen wie en ferwûnings oan de holle oprûn hie. It die bliken dat it slachtoffer mei in glês stutsen wie yn syn wang.

De Sleattemer is oerbrocht nei it sikehûs. Nei in syktocht en ferskate ferklearrings fan tsjûgen koe de dieder oanhâlden wurde op de Van Baerdstrjitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)