Interreg-jild foar kwelders

07 nov 2009 - 12:40

Steatsboskbehear wol mei Europeesk jild de bewenners fan 'e eilannen der fan oertsjûgje dat it in goed idee is om de see mear romte te jaan yn de kwelders. It jild is ek bedoeld om de kwelders opnij yn te rjochtsjen.

De ûntwikkeling fan de Boschplaat op Skylge leit no stil, omdat earder oanleine stodiken de see opkeare. Mei-inoar is tien miljoen euro nedich foar kustgebieten yn Nederlân, Ingelân en mooglik ek Sweden en Denemarken. De helte moat út de Interreg-pot komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)