Harnzer ynbrekkers langer fêst

Twa manlju út Harns wurde troch de rjochter-kommissaris langer fêstholden yn ferbân mei ynbraak en stellerij. Beide Harnzers waarden ôfrûne sneon mei noch in ynwenner út dy stêd troch de plysje oanholden by in ynbraak yn in bedriuwspân op It Hearrenfean. De ynbraak waard dien om de opbringst fan in himpkwekerij op te heljen.
Nei de oanhâlding waard by de manlju thús in hússiking dien. By ien fan de fertochten waard ûnder oare in pistoal fûn, munysje en in himpkweektinte.