Avanti ferliest fan Leek

De sealfuotballers fan Avanti hawwe freed thús ferlern fan de Leekster Eagles út Grinslân. Yn Stiens waard foar it earst yn de Topdivyzje spile. Nei seis wedstriden steane de Stienzers no kreas op it fjirde plak.
Nei in 1-0 efterstân by it skoft kaam Avanti yn de twadde helte mei 3-1 foar, mar de winst yn dizze earste noardelike derby gie úteinlik mei 6-4 nei Leekster Eagles.