Earste ferlies foar SC Cambuur
SC_Cambuur hat freedtejûn foar it earst dit seizoen ferlern. Tsjin Excelsior waard it yn it eigen stadion 1-2. Spits Mark de Vries kopte betiid yn de earste helte in bal yn eigen doel. Dêrnei wie it Guyon Fernandez dy't Excelsior yn de 35e minuut op in 2-0 foarsprong sette.
Krekt nei it skoft brocht Sandor van der Heide mei de 1-2 de spanning werom, mar it slagge de Ljouwerters net om ek de lykmakker te meitsjen. SC Cambuur is de kopposysje no kwyt.