Gjin disko yn Bantegea

06 nov 2009 - 20:44

Boargemaster Stellingwerf fan Lemsterlân jout gjin tastimming foar in diskofeest yn Bantegea. It feest soe 20 novimber hâlden wurde, mar de boargemaster hat it ferbean. Dat hat er dien fanwege ûngeregeldheden by de foarige edysje. Besikers kearden har doe tsjin de plysje. De oarsaak dêrfan soe yn drank- en drugsgebrûk lizze.

De kommende tiid wurdt besjoen oft der maatregels naam wurde kinne, sadat de diskofeesten wol wer hâlden wurde kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)