Fries en Grinzer hawwe spul

06 nov 2009 - 16:24

De plysje hat tongersdei in skeel tusken in ynwenner fan Grins en in Fries delbêdzje moatten. De Grinzer tocht dat de Fries, in Wurdumer (18), tsjin de gevel fan syn hûs stie te pisjen. De Grinzer geat doe in flesse skjinmakmiddel oer de Fries hinne.

Der ûntstie in rûzje tusken de twa, dy't troch de plysje delbêde wurde moast. Beide joegen nei de tiid oan skrokken te wêzen; de Fries fan it skjinmakmiddel, de Grinzer fan syn eigen aksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)