Meksikaanske gryp no 'stabyl'

© Omrop Fryslân
It tal Meksikaanske grypgefallen yn Fryslân is op dit stuit stabyl. Dat meldt de GGD yn Fryslân. Friezen belje ek net mear as oars mei de helpferlieningstsjinst, no't nochris fjouwer minsken oan de gryp ferstoarn binne.
Dy gefallen waarden freed bekend makke. Hoefolle Friezen de gryp no krekt hawwe, is dreech yn te skatten neffens de GGD. Yn Nederlân binne oant no ta santjin minsken ferstoarn oan de Meksikaanske gryp.