Skoallen hâlde bern binnen

06 nov 2009 - 11:27

De brânwacht frege de basisskoallen fan Dronryp freed om de bern om 12.00 oere net nei hûs te stjoeren mar binnendoar te hâlden. De brânwacht die de oprop fanwege de gaswolk mei salpetersoer, dy't frijkaam by in ynsidint by it tsiisfabryk fan Frico by Dronryp.

De oprop fan de brânwacht jildt allinnich Dronryp en net foar doarpen yn 'e omjouwing. Kertier oer tolven luts de brânwacht it fersyk yn en koene de bern dochs gewoan op hûs oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)