Ek ruten ticht yn Menaam

Gemeentehûs Menameradiel moat ruten ek tichthâlde
Ynwenners fan doarpen yn 'e omkriten fan Dronryp wurdt ek driuwend advisearre om de doarren en ruten ticht te hâlden. It giet dan benammen om doarpen noardlik fan Dronryp, lykas Menaam, Sweins, Skingen en Frjentsjer.
De brânwacht hat alaarm slein fanwege in gaslek by it fabryk fan Friesland Campina by Dronryp. As gefolch fan it lek driuwt no in wolk mei salpetersoer oer it doarp Dronryp. Om de minsken te warskôgjen hat de brânwacht freed de sirenes yn it doarp ôfgean litten.