Sjinkie Knegt op dreef

06 nov 2009 - 10:28

Shorttracker Sjinkie Knegt hat by de wrâldbekerwedstriden yn Montreal de heale finale fan de 1500 meter helle. As de 20-jierrige Bantegeaster him sneon by de earst acht rydt, is er wis fan dielname oan de Olympyske Winterspullen yn Vancouver fan 2010.

Op de 500 meter kaam Knegt ek goed troch de kwalifikaasje. Op de 1000 meter hat er al in Olympyske nominaasje. Dêr is letter it wykein in plak by de earste tolve genôch foar in startbewiis yn Vancouver.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)