115 auto's te hurd yn Dokkum

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei in snelheidskontrôle hâlden op de Hurddraversdyk yn Dokkum. Omwenners hiene klage oer hurdriders. Der waarden mear as 300 auto's kontrolearre. Dêrfan rieden 115 hurder as 50 kilometer yn 'e oere. De oertreders krije de boete thússtjoerd.
Bestjoerders dy't flugger rieden as 75 kilometer waarden oan kant set. De plysje bekeurde ek minsken fanwege in lekke útlaat en parkeare op 'e pechstrook.