Dokkum besuniget 1,5 miljoen

06 nov 2009 - 09:24
Foto: Omrop Fryslân

De gemeenteried fan Dongeradiel kin libje mei in besuniging fan oardel miljoen euro. It jild dat besparre wurdt, sil ynvestearre wurde yn ûnderhâld fan diken, gebouwen en brêgen. Fierders wurdt in part stutsen yn de oanlis fan de westlike rûnwei om Dokkum hinne.

Om de finansjele posysje fan de gemeente te fersterkjen wurdt ek de ûnrepliksaakbelesting ferhege.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)