Belesting T'diel wat omheech

It gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel yn Burgum
De ûnrepliksaakbelesting yn Tytsjerksteradiel giet mei trije persint omheech. By de begruttingsgearkomste hat in grutte mearderheid fan de ried ynstimd mei it útstel. It jild dat ekstra ophelle wurdt, giet nei de algemiene reserves.
It kolleezje wol sa taret wêze op tebeksetters yn 'e takomst. Neffens opposysjepartij FNP wie de ferheging net needsaaklik omdat de begrutting al in licht oerskot sjen liet.