Ferlies It Fean yn ekstra tiid

Sportklup Hearrenfean hat yn eigen hûs de Europa League wedstriid tsjin Hertha BSC mei 3-2 ferlern. It winnende doelpunt fan Hertha foel yn de ekstra tiid. Hearrenfean kaam troch Papadopulos twa kear op foarsprong. Domovchiyski makke foar de ploech út Berlyn twa kear de lykmakker.
Yn de twadde helte helte wie it spul fan de thúsploech folle minder. Der gong in protte mis, mei as djiptepunt it winnende doelpunt fan Wichniarek.