Nije ferhoarstudio's by plysje

05 nov 2009 - 20:49

Yn it nije plysjeburo oan de Holstmeerwei yn Ljouwert is tongersdei in nije ferhoarstudio foar bern en folwoeksenen iepene. Mei de bernestudio hat Fryslân in lânlike primeur. Yn beide romten hingje yn alle hoeken kamera's en wurdt it lûd opnommen. De studio's foldogge oan de lânlike easken dy't sûnt de Schiedammer parkmoord oanskerpe binne.

Doe waard der te folle druk op in fertochte lein, dy't hjirtroch bekende, wylst er ûnskuldich wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)