Festival lûkt soad net-Friezen

Strjitartyst mei guozzen yn aksje yn de Snitser binnenstêd
De eveneminten yn Snits ôfrûne simmer binne noch noait sa goed besocht troch minsken fan bûten Fryslân as de jierren dêrfoar. Dat docht bliken út in rapport fan de Grontmij.
Yn totaal kamen der dit jier 32.000 minsken ôf op de Sneker Simmer. Dat is wol wat minder as it jier dêrfoar, doe kamen der 40.000 minsken op de eveneminten ôf. Dat komt benammen om't der doe ek mear aktiviteiten wiene. It oantal minsken bûten Fryslân wie dit jier dus wol grutter.