Sintrum moat kriminelen pakke

05 nov 2009 - 19:16

Alle Fryske gemeenten hawwe harren oansletten by it Regionaal Informaasje en Expertise Sintrum, it RIEC. Mei help fan dit sintrum moat it ienfâldiger wurde om de organisearre misdied oan te pakken.

Yn it RIEC wurdt alle ynformaasje keppele fan ûnder oaren de belestingtsjinst, de plysje, justysje en it FIOD. Troch ek gemeenten der by te belûken moat de kriminaliteit earder oanpakt wurde kinne as yn it ferline.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)