Intsjen Meksikaanske gryp los

De faksins binne der, no kin it intsjen begjinne
Nei wiken wachtsjen binne de faksins tsjin de Meksikaanske gryp ek by de Fryske húsartsen oankommen. Dan kin de earste faksinaasjeronde begjinne. De húsartsen wurde al platbelle troch minsken dy't harren soargen meitsje oer de gefolgen fan it ynintsjen.
Fryske skoallen ha oare problemen. Dêr melde har tsientallen learlingen siik, op guon skoallen is in kwart fan alle learlingen thús mei grypferskynsels.