Soarch oer ûnderwiisbesuniging

Skoaldirekteuren meitsje har soargen oer de besuniging
Fryske basisskoalbestjoeren meitsje har soargen oer in besuniging fan 90 miljoen euro fan steatssektaris Dijksma fan ûnderwiis. Dy wol minder jild útjaan oan skoalbestjoerders, direkteuren en ûndersteunend pesoniel.
Neffens Dijksma giet dat net te'n koste fan it ûnderwiis sels, mar dêr wurdt troch it ûnderwiis oars oer tocht. Minder stipe fan bygelyks in sintraal buro soarget derfoar dat in skoaldirekteur wer mear foar de klasse stean moat.