Man ferwûne by fal fan trep

05 nov 2009 - 11:14

In man is woansdeitemiddei slim ferwûne rekke doe't er by it Tuincentrum Joure oan de Vegelinswei op 'e Jouwer fan in trep fallen wie. It slachtoffer foel sa'n trije meter nei ûnderen.

In traumahelikopter en ambulânse waarden oproppen. De man stabilisearre en dêrnei mei de ambulânse nei it sikehûs yn Grins brocht. De plysje hat de ambulânse rjochting it ferkearsplein fan de Jouwer begelaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)