Parfums stellen yn Frjentsjer

05 nov 2009 - 10:41

By in ynbraak yn in winkel oan de Breedeplaats yn Frjentsjer, is yn de nacht fan woansdei op tongersdei

foar tûzenen euro's oan djoere parfums stellen. De dieders kamen binnen troch in rút te fernielen. Dêrnei waarden alle djoere parfums út de winkel meinaam. De technyske resjerzje docht in spoareûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)