FNV wiist leanbod Frisia ôf

It leanbod fan Frisia Sâlt is ôfwiis troch it FNV
It leanbod fan Frisia Sâlt yn Harns is unanym ôfwezen troch de leden fan fakbûn FNV. It sâltfabryk hat lêst fan de ekonomyske krisis. Dêrom ha se har wurknimmers witte litten dat se net mear as 1% leansferheging oer 14 moanne biede kinne. Dêr geane de leden fan it FNV net mei akkoart.
It fakbûn hopet der yn ûnderhannneling mei it bedriuw noch wol út te kommen. It is foar it earst dat der net in akkoart sletten is by it bedriuw.