Mishanneling 16-jierrich famke
De plysje yn Ljouwert siket tsjûgen fan de mishanneling fan in 16-jierrich famke. Dat is ferline wike tongersdei bard op de Pasteurweg. It famke stie mei trije oaren op 'e dyk te praten doe't in ûnbekende frou it slachtoffer oanspruts en har nei in pear opmerkings makke te hawwen in pear klappen yn it gesicht joech.
De frou is dêrnei hurd fuortfytst. De plysje tinkt dat der neist de famkes mooglik ek oaren wat sjoen hawwe fan de mishanneling.