Jouster stekt hús yn 'e brân

05 nov 2009 - 10:27

Op de Jouwer hat de plysje woansdei in 29-jierrige man oanhâlden dy't fertocht wurdt fan it yn brân stekken fan syn eigen hús. Oan it begjin fan de middei kaam in melding binnen fan in wenningbrân oan de Wumkesstrjitte. De brânwacht wie gau te plak en hat de brân blust. Nei ûndersyk wiene der fermoedens dat de man mooglik sels syn wenning yn brân stutsen hie.

De Jouster is letter oanhâlden. De saak wurdt noch neier ûndersocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)