Ferdronken man út Düsseldorf

De man dy't ferdronken is yn de haven fan Starum kaam út Düsseldorf
De Dútser dy't ôfrûne moandei dea fûn waard yn de haven fan Starum is in 59-jierrige man út Düsseldorf. De plysje hat de krekte identititeit fan de man no pas bekend makke om't it lang duorre om kontakt te krijen mei syn famylje.
Ut ûndersyk hat bliken dien dat de man op syn boat net goed wurden is en oar board fallen is.