Aksje foar MFC Wytmarsum

05 nov 2009 - 10:20

Keatsferiening Pim Mulier en fuotbalferiening SV Mulier yn Wytmarsum jouwe in rinteleaze liening út foar de finansiering fan harren eigen ynbring yn it nije multifunksjonele kompleks It Fliet. Maart 2010 moat de nijbou klear wêze. Dy kostet hast 1,2 miljoen euro.

De gemeente Wûnseradiel betellet dik 5 ton. De beide sportferienings moatte hast 6 ton bydrage. Troch in soad wurk sels te dwaan, is de helte fan dat bedrach al fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)