Jildpine tsjerken It Amelân

04 nov 2009 - 20:24

Om de tsjerken op It Amelân iepen te hâlden, moatte se ekstra funksjes krije en ek foar earetsjinsten en eveneminten iepensteld wurde. Allinnich op dy wize kin der genôch jild op it kleed komme om it ûnderhâld te beteljen. Dat sizze de tsjerkemienskippen fan it eilân.

Njonken de ekstra ynkomsten hoopje de mienskippen op fjirtichtûzen euro ekstra fan de gemeente. De ried moat dêr noch in beslút oer nimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)